|
SA IS FRYSLAN
Friezen yn it heitelan en om utens, kenne jimme jim eigen lan winliks wol? Net ien is ea yn syn eigen provinsje sa goed bikend, of hy hat der ut en vroch dochs forlet fan yn wurd en byld bifêstige to sjen, itjinge bikend wie en to learen, itjinge net bikend wie. Hwannear't wy bigjinne mei dat, hwat by uzes aldermeast opfalt, dan is dat sünder mis: al dy kilometers greide en al dy mingels wetter. It is mar in gelok, dat der sa folie greide is, hwant hwer soene oars de wraldbikende swartbünte kij en bollen weidzje moatte, dy't nei alle hoeken fan de ierde ütfierd wurde? Hoe soene oars de 99 molkfabriken draeije kinne en de tüzenen molkblykjes foar de ütfier folie wurde kinne? En hoe soene wy "Hollan" oan molke helpe kinne, hwannear't net alle dagen weroan de molk-tankweinen oer de Ofslüt-dyk rieden? Aldergeloks is it net allegearre greide yn Fryslan! Wy hawwe ommers ek noch de bou yn it Noarden en op it Bild - dat yn de 16de ieu oan lan makke is - en der wurde dan ü.o. üs ierappels, biten, flaeks, koalsie en grieiite boud. Dan hawwe wy de sanhoeke fan it Gaesterlan, der't noten en ierappels groeije; wy hawwe fruchtbeammen - binammen op it Bild - en sels de frijhwat biheinde tulpefjildtsjes; en wy hawwe krüdetunen yn it Easten fan 'e provinsje. Ja, en al dy tüzenen mingels wetter - om to bigjinnen: yn al dy tüzenen sleat-ten! - as dy der net wêze soene, dan soene wy nacht en dei yn in tastan fan swimmen wêze, en der is gans op tsjin! Us ieuwenlange striid tsjin it wetter is op himsels al in ünderwerp, der't tsientallen fotoboeken mei folie wurde kinne soene. Yn de alde griisheit ommers wie üs lan sa leech en de se kaem altyd wer sa heech en likegoed woene hja doe al graech yn Fryslan wenje; dêrom waerden der terpen makke en rjochten de Iju har dêrop yn mei har hüshalding en har bisten. Dy earste Friezen prakkesearren der alhiel net oer, dat hja de lettere biwenners troch de terpfynsten ynljochtsje soene oer skiednis en kultuer - geane jo mar ris nei it Frysk Museum ta - hwant yn de f'oarige ieu binne ommers hast alle terpen forgroeven, om't it bliken die dat de terpmodder sa fruchtber wie. Doe't it dochs wol hwat üngaedlik waerd, altyd weroan ünder wetter to strüpen, setten earst de muontsen (Fryslan hie gans bikende kleasters, lyk as jo fan 'e alde kaerten wol witte) en letter de biwenners, ünder de lieding fan de Spaenske bisetters, ütein mei it oanlizzen fan diken. En sünt dy tiid bihearskje diken, polderfearten, sleatten en mounen it byld fan üs provinsje. Fansels barde fanalds in part fan it forfier ek oer it wetter en sadwaende moasten kanalen, slüzen en brêgen it lanskip folslein meitsje. En noch binne wy net ütpraet oer "it wetter", hwant dan binne der noch de marren - de greate en de lytse! Fansels hawwe jo wolris syld en kenne jo de einleaze wetterflakken, bytiden in fiver en bytiden in holle se gelyk. Jo hawwe geniete fan de geweldige loften dêrboppe en it wide griene lan om jo hinne, it rüzjende reid, de barchjeblommen by de wallen lans en de wetterfügels. Jo kenne it libben mank al dy wimerjende wite seiltsjes, jo binne stadich by de blomkjende greiden of de simmerske mieden lans skoud, jo hawwe by 't hjerst ut it boat wei de trekfügels keppeljen sjoen. En winterdei, dan swalkje jo om oer itselde wetter, oer de lichte fearten en sleatten, by de wytbiripe hikken en strewellen lans, oer de geweldige iismarren mei har stjurre wetterflakken. It wetter - it sil jimmeroan in diel fan it Fryske lanskip ütmeitsje, it sil jimmeroan wurk jaen oan ingenieurs en wetterskippen - it soe ünmooglik mist wurde kinne ut it lytse hoekje wrald, dat Fryslan hjit. Njonken de greiden, de ikkers en de polders hawwe wy ds bosken yn it Gaes-terlan (der't ek üs klingen weagje!), fan Beetstersweach, Appelskea, Oranje-wald en Bakkefean; de nuddel- en leafbeammen, de sanforstouwings en fean-puolkes, de lange loanen en slingerige boskpaedtsjes. Oan de kust fan it Gaester-lan lizze üs kliffen, dy't nei it droechmeitsjen fan de Sudersé frijhwat foroare binne yn foarm en bigroeijing. By einsluten binne der noch de feanhoeken yn it Südeasten, der't eartiids turf groeven waerd en nou de lanbou yn it lyts bidreaun wurdt. Ek üs provinsje moat hannel driuwe en fielt der dêrom alles foar, dat de minder fruchtbere hoeken troch de yndustry brükt wurde. Sa wurde dan njonken it fokfé en it gebrüksfé, de molke, büter, tsiis, kondensearre molke, ierappels en fleis, noch ütfierd: suvelmasinen en -ark, fisk, redens, reiden meubels, papierwaren, jenever, noten, tou, lanboumasinen ensfh. Yn Harns stiet de moderne haven-outillage ré om de kustfarders mei kranen to laden of to lossen, krekt sa't men wol. Yn Drachten is in ünderdiel fan it wraldkonsern fan Philips delstrut-sen en hat der in assemblear-bidriuw foar Eindhoven fêstige. Wy hawwe net allinnich tsjin it wetter striden, wy hawwe ek troch de ieuwen hinne foar üs frijdom fochten tsjin ynkringers of tydlike bisetters. De Romeinen, Franken, Noarmannen, Hollanders, Saksers, Spanjerts, Fransken en Dütskers hawwe foar koartere of langere tiid it bistjür oer üs gewest hawn en hawwe der hwat fan har ynfloed efterlitten. De striid op polityk of tsjerklik gebiet hat it eigen folk yn partijen fordield. De eigen tael, dy't oant yn 'e 16e ieu sprutsen én skreaun waerd, rekke neitiid as skriuwtael f rij wol yn ünbrük, mar waerd as sadanich fannijs üntdutsen; en nou wurdt it Frysk op de skoallen ünderwiisd en wurdt de Fryske skriftekennisse yn proaza en poëzij oan it lezend publyk brocht. Fryslan hat de iennichste provinsje west, dy't sünder ünderbrekking in eigen steedhalderlik hof hüsfeste. Fan 1584 oant 1747 is dit gewest bistjürd troch in tüke fan it prinslik slachte fan Oranje Nassau. Ljouwert wie de resi-dinsje en de leden fan de foarstlike famylje biwennen ü.o. it Prinsessehof (jo kenne dochs it museum, dat der nou yn fêstige is?), it Hof (der't nou de kom-missaris fan 'e Keninginne syn amtswente hat), Mariënburch (folslein forkavele en biboud), Oranjewald (yn partikulier bisit). Hja hiene har jachtgebiet ü.o. yn it Prinsehóf, dat letter forfeante waerd en nou natuerreservaet is en in plakje, dat üs silers graech opsykje. Us provinsje hat net allinnich natürskientme to bieden, lyk as elke Fries wol wit. Halde jo fan alde gebouwen en fan alles, dat der mei mank is? Jo hoege dan mar troch de alve stêdden to sw alk jen en oer it plattelan. J o kenne se wol: de tsjerkjes ut de alfte ieu en letter, de kathedralen yn de romaenske en goatyske styl, de alde tuorren mei of sünder sealtek, de stedhuzen en wenten, wetter-poarten, gevelstiennen en hüsmerken, de krypt (fan Rinsumageast). Jo witte de oerbliuwsels fan de alde states to finen: de grêften, singels, homeijen of tagongspoarten (alles hwat der oer is fan in pear hündert huzingen!). J o kenne de hofkes, ieuwen lyn stifte. En de boerepleatsen, ald en modern: de breedüt-lizzende stjelptypen, de rankere modellen mei oanboude foarein. Lykswol, net alles is antyk yn üs provinsje! Wy binne mei üs tiid meigien en der binne moderne wenwiken set, gemeentehuzen, slüzen en brêgen - hwat hat men fan dy leste óf in moai ütsjoch oer it lege lan! Us provinsje hie en hat syn skilders en byldhouwers, skriuwers en dichters, syn pottebakkers, syn folkskunst. Yn museums en streeksamlingen binne har wur-ken to sjen: de skilderstikken, de bylden, de fleurich kleurde meubels en ge-brüksfoarwerpen. Hynljippen, Makkum en Warkum binne plaknammen, dy't foar üs biskildere houtwurk en keramyk bitsjutte. Frjentsjer hie mear as twa ieuwen syn hegeskoalle: de stêd hat nou noch in 18de ieusk planetarium, dat folslein suver wurket en dat, lyk as de Buma-bibliotheek to Ljouwert, ynter-nasionael forneamd is. Us alde "Friesch Genootschap van Geschied-, Oudheiden Taalkunde" forsoarget ü.o. de ütjefte fan "De Vrije Fries" en is eigener fan it Frysk Museum, der't bisündere skatten ütstald binne. Kostbere dokuminten birêste by it Ryks-archyf; de Provinsiale Bibliotheek bisit in wündere rykdom oan boeken. Yn Ljouwert hat de jit jonge Fryske Akademy har sit, dy't yn 'e skrep is foar al datjinge, hwat it Fryske folk eigen is; to Bakkefean fine wy de Folkshegeskoalle. Op it mêd fan muzyk en toaniel wurdt ut eigen krêft stribbe nei in forheging fan it kulturele peil - ü.o. troch it Frysk Orkest - en orkesten en toanielselskippen ut oare hoeken fan it lan komme om ütfieringen to jaen. De stifting "It Fryske Gea" hat in mannich terreinen yn eigendom, dy't tige har wearde hawwe as rekréaesje-oarde of as gebiet fan natürskientme. Hja wekket oer de flora en fauna dêrre en let de alarmklok, hwannear't de skientme fan it lanskip op ünforantwurdlike wize skeind wurde soe. Bihalven de weardefolle swartbünte fébislaggen hat Fryslan syn eigen swarl hynsteras, dat troch de graesje, de moaije foarmen en de brüksumens fan syn leden by de hynsteleafhawwers yn in goed bledtsje stiet. Hawwe jo ea hwat moaijers sjoen as sa'n stylfolle sjeas op hege tsjillen mei twa folbloedhynders derfoar? By de sjeas heart it Frysk kostüm! It alde, üs sa tige bikend, mei it goudene ear-izer, de forskate mutsen en de kostbere spjelden - en it moderne, dat oanpast waerd oan in soberder trant fan libjen en der't dus ófstan by dien wurde moast fan goud en jewielen. By it kostüm heare de alde dounsen, der't de Skotse Trije en in mannich oare stadichwei ynternasionael bikend fan wurde. It is in ünmooglikheit, yn inkelde bledsiden djip yn to gean op de skiednis fan üs provinsje en har bifolking, fan üs kultuer en üs kunst, fan tael, seden en brük-men. Wolle jo der mear fan witte, wolle jo kuijerje troch üs bosken, swalkje oer de marren, genietsje fan it wide ütsjoch, jo yn de skiednis jaen fan stêdden en gritenijen, fannijs yn 'e kunde komme mei üs steatlike boerehuzings, de brede kanalen, de skat fan aldheit en kunst, dan is der mar ien mooglikheit! Bigjin noch hjoed jins provinsje better kennen to learen en fan alles to genietsjen dat der geniete wurde kin. En forjit dan üs eilannen net: Flylan, Skylge, it Amelan en it Skiermuontseach, mei har briedplakken fan fügels en wündere brede stran-nen, har alde doarpkes en greate sanplaten.
Home
|